10 september 2009




Dei fan de selsmoardprevinsje

De GGZ Fryslân hat tongersdei in previnsjekaart útbrocht foar helpferlieners dy't minsken helpe dy't har mooglik sels te koart dwaan wolle. Yn Fryslân bart dat jierliks 70 kear en sawat 1500 minsken tinke der wol ris oer om dit te dwaan. Meiwurkers fan de GGZ prate alle dagen mei minsken dy't yn in krisis sitte. It is lang net altyd maklik om sinjalen fan selsmoardpogings te herkennen. Op de previnsjekaart stean fragen dy't helpferlieners stelle kinne oan kliďnten om se better mei harren problemen te helpen. De GGZ- previnsjekaart is útbrocht fanwege de ynternasjonale selsmoardprevinsjedei.

Radio interview met Jos de Keijser en Martin Steendam
TV interview met Jos de Keijser